Frisse Nijjiersdûken

It nije jier lekker fris begjinne. Dat koe op seis plakken yn Fryslân. Hûnderten Friezen hienen de moed it wetter yn te dûken. Op Skylge en Flylân wie der in soad belangstelling foar. It seewetter wie sân graden.
Yn Burdaard, dêr't it foar de fjirde kear hâlden waard, wienen mar twa dielnimmers. Der wienen wol in hiel soad nijsgjirrige sjoggers.