Tolve fjoerwurkslachtoffers

It sikehûs MCL yn Ljouwert hat in drokke nijjiersnacht hân. It tal fjoerwurkslachtoffers wie heger as ferline jier. Fjouwer pasjinten moasten troch in eacharts holpen wurde. Twa pasjinten wienen ferwûne oan de hannen en ien hie letsel oan de skonk.
Twa slachtoffers hienen lest fan reek nei't fjoerwurk yn de skuorre ontplofte. Nijjiersdei kamen der noch trije by.