Spoelstra foarsitter KfK

© Omrop Fryslân
Jan Spoelstra wurdt de nije foarsitter fan de Keamer fan Keaphannel Fryslân. Spoelstra(45) is direkteur fan Prins Holding. Spoelstra folget op 1 jannewaris Jos Pâques op, dy't fiif jier foarsitter west hat.
Der fynt tagelyk in bestjoerswikseling plak, wêrby't 12 bestjoersleden ôftrede sille. Spoelstra wurdt op 25 jannewaris offisjeel beneamd.