Súkses foar Postma en Ritsma

Ids Postma wûn sneon de 1500 meter op it Olympyske Kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Alhoewol't er gjin nominaasje hie is Postma no likegoed wis fan it meidwaan oan 'e Olympyske Spullen. "Ik woe hjir gewoan hurd ride", sei Postma.
Rintsje Ritsma waard tredde. Hy kwalifi-searre him ek en sil no foar de fjirde kear meidwaan oan de Olympyske Spullen. Sprinter Jan Bos waard twadde.