Cambuur - Helmond Sport: 2 - 1

Cambuur fersloech freedtejûn yn in spektakulêr duel Helmond Sport mei 2-1. Kenneth Goudmijn skoarde yn 'e earste helte 1-0. Nei de rêst makke Arno Schaap 1-1. Pas trije menuten foar tiid skeat Johan Abma de winnende treffer: 2-1.
4931 taskôgers seagen in spannende wedstriid yn kâld waar. Cambuur Ljouwert giet no de winterstop yn mei 9 punten efterstân op koprinner Excelsior.