Soad belangstelling foar Ronja

Der binne no al 7000 kaartsjes ferkocht foar de 'Nederlânske' foarstelling fan Ronja de Roversdochter fan Tryater. Tongersdei wie de earste try-out yn 'e nije seal fan it Martiniplaza. It stik wurdt yn 'e krystfakânsje 20 kear opfierd.
Sneon is de premiêre fan Ronja de Roversdochter yn Grins. Yn 'e Nederlânske ferzje wurdt net allinnich Nederlânsk praat, mar ek Liwwadders.