Mislik fan krystpakket

Yn 'e krystpakketten fan de plysje Fryslân sit bedoarn mineraalwetter. Drinke út 'e flessen fan it merk Tafelwater kin mislikens fan gefolgen hawwe.
De plysje hat 1600 krystpakketten útdield, ek oan âld-personielsleden. Der binne klachten kommen fan in pear minsken. In massale goarre is it noch net, seit plysjewurdfierder Rambonnet.