Sertifikaat foar berneopfang

© Omrop Fryslân
Berneopfang NoardWest Fryslân yn Frjentsjer hat tongersdei as earste yn Fryslân it kwaliteitssertifikaat krigen. Dat is in bewiis dat de opfang oan alle easken foldocht. De ferwachting is dat der mear Fryske berneopfangplakken folgje sille.
It stribjen nei in sertifikaat hat in soad ekstra wurk opsmiten foar de berneopfang. Kommesaris fan de Keninginne Nijpels rikte it sertifikaat út.