Fleanbasismeiwurkers nei Kroatië

© Omrop Fryslân
Mear as 30 minsken fan de Ljouwerter fleanbasis wurde dizze moanne nei Kroatië stjoerd. Se moatte dêr yn de haadstêd Split ûnder oare Nederlânske helikopters beweitsje. De tastellen komme fan fleanbasis Soesterberg.
De Ljouwerters wurde yn Kroatië stasjonearre om de frede te beweitsjen. Dy frede waard tekene nei in jierrenlange boargeroarloch yn Joegoslavië.