Skûtsjes by keninklik houlik

© Omrop Fryslân
SKS-skûtsjes jouwe it keninklike houlik op 2 febrewaris ekstra glâns. De histoaryske skippen wurde begelaat troch it Steatejacht fan de provinsje. De boaten komme yn de grêft by it Rokin. As WA en Máxima der del rinne, hysje de skippers de seilen as groet.
Fan de fjirtjin skûtsjes wurde alve nei Amsterdam sleept. De oare trije ha ferplichtings op Boot Holland.