Noch gjin útspraak yn sedesaak

© Omrop Fryslân
Yn de sedesaak tsjin in man út Seisbierrum hat de rjochtbank tiisdei gjin útspraak dien. Tsjin de man is fiif jier sel easke. Hy wurdt fertocht fan ûntucht mei fjouwer bern en fan ferkrêfting fan trije licht ferstanlik handikapte froulju.
De rjochtbank wol in neier psychiatrysk ûndersyk. Ien fan de redenen dêrfoar is dat de man (52 jier) alles ûntkent.