Betlehim yn Feankleaster

Feankleaster is dizze dagen ta Betlehim omtsjoend. Twa dagen is it hiele doarp yn 't spier om it krystferhaal sa byldzjend mooglik te meitsjen.
Learlingen fan it spesjaal ûnderwiis De Wingerd yn Damwâld foarmje mei-inoar in libjende kryststâl. Lâns herders, skiep, kamelen en paadwizers moat socht wurde nei de stâl. In echte lytse poppe spilet Jezus.