Kruys wol 'horizonferbreding'

'Horizonferbreding en in frisse wyn' neamt Cambuurtrainer Gert Kruys as reden foar syn ôfskie. Kruys ljochte moandei op in parsekonferinsje syn fuortgean oan it ein fan it seizoen ta.
Fjouwer jier ferlyn kaam Kruys by de Ljouwerter club. Hy is de langst sittende trainer fan Cambuur ea. Kruys hat noch gjin nije club fûn om syn ambysjes re realisearjen.