Lilke man rydt op minsken yn

In autobestjoerder út Ljouwert is dit wykein op in espeltsje minsken ynriden. Hy hie spul mei in pear fan harren en waard sa hellich dat er mei in faasje fan 70 km yn 'e oere op de groep ôfkaam.
De measten koene oan 'e kant springe, mar ien rekke ferwûne. Dêrnei ried de man de auto tsjin in beam oan. Doe't er fannijs de groep oanride woe, hâlde de plysje him oan.