Sintrum foar wurk en ynkommen

De gemeenten Boalsert, Littenseradiel, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel sette fan 1 jannewaris út ein mei in sintrum foar wurk en ynkommen (CWI).
It CWI is in sintraal plak dêr't minsken terjochte kinne foar ynformaasje oer wurk, arbeidsbemiddeling en foar it oanfreegjen fan útkearingen. It CWI komt yn it gebou fan it Arbeidsburo yn Snits.