'Keamer tsjin wynmûnen'

De Twadde Keamer sil him útsprekke tsjin in wynmûnepark by de Ofslútdyk. Dat tinkt foarsitter Meijer fan de keamerkommisje fan romtlike oardering.
De kommisje hat in pear dagen yn Fryslân west. De leden ha mei feskate minsken praat oer de planologyske kearnbeslissing (PKB) foar it Waad. Dy wurdt yn 'e maaitiid yn de Keamer behannele. Dan falt it beslút oer de wynmûnen.