Feemerk bliuwt dochs

© Omrop Fryslân
De feemerk yn it FEC yn Ljouwert bliuwt dochs bestean. Tongersdei noch sei de direksje dat de merk tichtgean soe, om't it FEC tefolle ynvestearje moast om oan nije regels te foldwaan. De provinsje hat no tasein de ynvestearring fan hast twa miljoen gûne earst foar syn rekken te nimmen. De feehannel moat dat jild yn fiif jier werombetelje.