Aksje tsjin sloop âlde pleatsen

© Omrop Fryslân
De stichting Historisch Boerderij Onderzoek presintearre tongersdei in rapport oer âlde boerepleatsen. De stichting neamt it tempo dêr't de âlde pleatsen yn sloopt wurde 'alarmearjend'. Yn hast in ieu is 30% fan de pleatsen ferdwûn. Oarsaken binne feroarings yn de lânbou en de bou fan wenwiken en bedriuwen.
Gemeenten en provinsje moatte dêrom yn aksje komme, fynt de stichting.