Ljouwert sil bom opromje

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert is tongersdei útein set mei de earste fase fan it romjen fan in bom út de Twadde Wrâldoarloch. De bom leit by MCL-noard en hat de bou fan in wen/soarch-kompleks op dat plak al in pear jier ophâlden. It ûndersyk kostet de gemeente sa'n 2 miljoen gûne en sil nei alle gedachten trije moanne duorje.
Tongersdei waard speurd nei de eksakte lokaasje fan de 500 pûn swiere bom.