Gopher oernommen troch Quote

Ynternetútjouwerij Gopher is oernommen troch Quote Media. Gopher is fjouwer jier lyn oprjochte troch de Fryske ynternetûndernimmer Hans Offringa en sit yn Grins. It bedriuw is spesjali- searre yn it 'on-line' útjaan fan boeken en bedriuwspublikaasjes.
Offringa tinkt Gopher troch de oername fierder groeie kin. Hoefolle Quote foar Gopher betellet is net bekendmakke.