In miljoen út tongblierneedfûns

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt in miljoen gûne út it lanlike tongblierneedfûns. Der sit 25 miljoen yn. Ek Gelderlân krijt jild (10 miljoen) en Oerisel (2,5 miljoen). De provinsje ferdûbelet it jild nochris.
De stipe wurdt brûkt om de feemerk yn it FEC te rêden. Der is 1,7 miljoen foar nedich. Net alle boeren komme yn de beneaming foar finansjele stipe om't se oan strange noarmen foldwaan moatte.