Jildboete foar De Haan

© Omrop Fryslân
Foppe de Haan hat in boete krigen fan 150 euro (330 gûne). De tuchtkommisje fan de KNVB hat him de straf oplein om't er de skiedsrjochter útskolden hie.
Dat wie by de wedstriid tsjin Willem II it ôfrûne wykein. De Haan rôp 'lul' en moast doe nei de tribune. Nei ôfrin fan de wedstriid sei De Haan dat er it net dwaan moatten hie, mar dat er it wol miende.