Minder jeugd op Skylger kampings

© Omrop Fryslân
Der komme gjin nije jeugdkampings by op Skylge. Dat stiet yn de kampearnotysje fan it kolleezje. Dêrmei komme B en W de eilanners temjitte. Se kleie al jierren oer oerlêst yn de simmermoannen.
Der binne fjouwer jeugdkampings op it eilân. As ien kamping tichtgiet, mei der net in nije bykomme. De notysje wurdt meikoarten yn de gemeenteried besprutsen.