Polityk gemeentenijs

Der binne tolve gadingmakkers nei de funksje fan boargemaster fan Opsterlân. Twa sollisitanten binne frou. By de kandidaten binne fjouwer boargemasters of âld-boargemasters. Wis is dat Opsterlân in boargemaster krijt dy't âlder is as 40 jier.
Yn Wûnseradiel is Karel Helder keazen as listlûker fan de PvdA. Helder is op it stuit al wethâlder yn Wûnseradiel.