Riders: tocht moat trochgean

De maratonriders ha gjin inkeld begryp foar it mooglik net trochgean fan 'e Alvestêdetocht fanwege de Euro of de brulloft fan Willem-Alexander en Màxima. "Dan wacht'n ze moar met die Euro", is de reaksje fan Erik Hulzebosch.
Jan-Eise Kromkamp fynt dat de Keninklike Brulloft wol ferskood wurde kin. "Willem-Alexander is sels in rider. Hy moat it mar oan Màxima útlizze."