Henk Kroes: 'Militêren ynsette'

© Omrop Fryslân
Mocht der takom jier in Alvestêdetocht plakfine kinne, dan sil dy altyd trochgean. Dat seit Henk Kroes yn in reaksje op it berjocht fan it ministearje fan Ynlânske Saken dat de Alvestêdetocht net trochgean kin tidens de Euro-ynfiering.
Der soene dan net genôch plysjes beskikber wêze om de iepenbiere oarder te hanthavenjen. Neffens Kroes kinne der ek altyd noch militêren ynset wurde.