Ferfiersoplieding ûnder de maat

© Omrop Fryslân
De oplieding Vervoer en Logistiek fan it Friesland College op it Hearrenfean is slim ûnder de maat. Dat sizze de learlingen út de twadde klasse. Al moannen kleie se oer it feit dat se te min leare, dat der te min kompjûters binne en dat staazjes net regele wurde. No, hast fjouwer moanne nei de start fan it nije skoaljier, is neffens de learlingen noch lang net alles op oarder.