Nijpels:'Alvestêdetocht kin wol'

© Omrop Fryslân
Euro-wikselwiken en in Keninklike brulloft kinne in Alvestêdetocht nea opkea- re. Dat seit CdK Ed Nijpels. It ferbod fan it ryk om begjin jannewaris grutte eveneminten te hâlden kin neffens Nijpels net jilde foar de Alvestêdetocht. De plysje hat by in Alvestêdetocht 600 minsken ekstra nedich. De plysje hat oan it koördinaasjesintrum frege oft dy ek yn jannewaris beskikber wêze kinne.