Himpkwekerij ûntdekt

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitemoarn in grutte himpkwekerij by Bakkefean oprôle. Dêrby is in 31-jierrige ynwenner fan Maassluis oanholden.
Yn de profesjonele kwekerij stiene sa'n fjouwertûzen wietplanten. De rispinge dêrfan smyt jierliks 2,5 miljoen gûne op. Foar de kwekerij waard yllegaal stroom, gas en wetter ôftape. De fangst is de grutste fan dit jier.