Argeologysk ûndersyk yn Makkum

It earste boukundich argeologysk ûndersyk fan Fryslân sil plakfine yn Makkum. In tal âlde hûzen oan de Skâns sil fan binnen ûndersocht wurde op âlde muorren, stiennen en kapkonstruksjes. Der sil ek board wurde om de rin fan de feart by de Skâns fêst te stellen. De provinsje besiket op dizze wize mear dúdlikens te krijen oer eardere doarpsgrinzen. It projekt kostet 40.000 gûne.