Ids Postma rydt nij 'pr' op 1500

Ids Postma hat sneon yn Calgary by ynternasjonale testwedstriden syn persoanlik rekord op de 1500 meter ferbettere. De Dearsumer ried 1:46:92.
Syn âlde toptiid stie op 1:47:08. Dat ried er yn maart 1998, ek yn Calgary. Neffens Postma kin en moat er noch hurder ride. Mar foarearst jout dizze nije tiid de Fries in goed gefoel.