Seehavens bedrige
Beskerming fan it Waad is in bedriging foar it fuortbestean fan de havens. Dat hat in gearwurkingsferbân fan de Noardlike havens Twadde Keamerleden witte litten. De politisy komme nije wike freed op wurkbesite nei Fryslân.
As de plannen fan it kabinet trochgeane, kinne de seehavens har ekonomysk net fierder ûntwikkelje, sa sizze de fertsjintwurdigers.