'Ljouwerter iishal moat ticht'

De iishal yn Ljouwert giet syn lêste seizoen yn. Neffens direkteur Bakker moat de iishal ticht as der net mear jild op it kleed komt.
Al jierren draait de iishal mei ferlies, mar de gemeente wegeret stipe om't de hal privatisearre is. Ferline jier gienen de tariven omheech fanwegen in tekoart. In tal grutte klubs binne doe fuortbleaun.