Partikulier idee falt min by IM

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje is net bliid mei it inisjatyf fan de Ljouwerter sakeman. Hy stelt 20.000 gûne beskikber foar dyjinge dy't de saak fan de moard op Rowena Rikkers fierder helpe kin.
It feit dat de sakeman syn eigen emailadres brûkt foar binnenkommen tips, is it ministearje yn it ferkearde kielsgat sketten. De tips moatte by har telâne komme en net by in partikulier persoan.