Fryske fisker lijen mei Frânsen

De fisker Jelle Romkes fan Kollumersweach wurdt yn Normandië, Frankryk, it fiskjen ûnmooglik makke. 60 Frânske fiskers sluten tongersdeimiddei syn boat yn en bekûgelen dy mei stiennen, molotovcocktails en fjoerpylken.
Romkes hat tastimming om yn 'e Seinebaai foar Le Havre op Sint Jabikskulpen te fiskjen. Hy hat no it ministearje fan Fiskerij ynskeakele om him te helpen.