Fúzje wetterskippen kostet mear

© Omrop Fryslân
De fúzje fan de wetterskippen sil mear kostje dan de begrutte oardel miljoen Euro. Dat ferwachtsje de folmachten fan it wetterskip Lauwerswâlden.
By de begrutting is net genôch rekken hâlden mei de kosten fan de bestjoerders, sa seit folmacht Ico Prins. De folmachten binne ek benaud dat it deistige wurk fan Lauwerswâlden der by yn sjitte sil nei de fúzje.