Kultuerpriis It Bilt útrikt

© Omrop Fryslân
It Biltsk Dokumintaasjesintrum krijt de kultuerpriis fan de gemeente It Bilt. De priis wurdt sûnt 1987 útrikt oan in persoan of ynstelling dy't him ynset foar de Biltske kultuer.
It sintrum sammelet âlde kaarten, foto's, boeken en kranteknipsels oer de regio. Minsken dy't ynteressearre binne yn de skiednis fan it Bilt kinne kopies krije fan de dokuminten.