Bedriuweterreinen moatte opknapt

© Omrop Fryslân
In soad bedriuweterreinen yn de trije noardlike provinsjes moatte opknapt wurde. Dan lûke se mear bedriuwen. Ut ûndersyk fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW docht bliken dat in soad terreinen ferâldere binne.
De ekonomyske ûntjouwings stelle tsjintwurdich nije kwaliteitseasken. VNO-NCW fynt dat oerheid en bedriuwslibben har mei-elkoar ynspanne moatte op dit mêd.