Sinteklaas hieltyd populêrder

It Sinteklazefeest wurdt hieltyd populêrder. De Sinteklazesintrale yn Ljouwert hat hast de helte mear Sinten en Piten op 'n paad as oare jierren. Dit jier binne der ek mear kadootjes kocht as foarich jier.
Yn Ljouwert is in spesjale oplieding foar Sinteklazen dêr't ek noch eksamen foar dien wurde moat. It Sinteklazefak wurdt dêrmei profesjoneler.