Warskôging foar oplichting

Bedriuwen moatte fertocht wêze op in oanbieding fan in bedriuw út Amsterdam. Dat bedriuw biedt in plak yn in telefoangids oan. Dat bart as binnen twa wiken in bedrach fan hast 600 gûne oermakke wurdt.
De plysje jout de bedriuwen it advys net op de oanbieding yn te gean om't út de lytse letterkes bliken docht dat it saakje net doocht.