5 jier sel easke foar misbrûk

Tsjin in 52-jierrige man fan Seisbierrum is foar de rjochtbank fiif jier selstraf easke foar seksueel misbrûk fan syn bern, pakesizzers en ferkrêfting fan ferstanlik handikapten.
Op de rjochtssitting ûntkende hy alle feiten. It giet om yn totaal sân saken yn in perioade fan hast 20 jier. De saak kaam yn april oan it roljen doe't de bernsbern oanjefte dienen.