Oalje yn stedsgrêft Ljouwert

Yn it wetter fan 'e Ljouwerter Prins Hendrikkaai driuwt noch altyd oalje. Der is mear as 500 liter weistreamd. It is noch net bekend wêr't de fersmoarging weikomt.
Wetterskip Fryslân hie in skerm pleatst om foar te kommen dat de oalje rjochting Harns streamt. Fanwege de waarsomstannichheden is it noch net slagge de boel op te rêden.