Problemen muzykskoalle net oer

De ferbouwing fan muzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost is op 'e nij útsteld. Sûnt de iepening, twa jier lyn, hat de skoalle problemen mei lûdsoerlêst. Boppedat is der te min romte.
It behannneljen fan de problemen soe 7 ton kostje. De gemeente hat lykwols mar 5 ton beskikber steld. Boppedat is it kolleezje fan B en W benaud dat sels 7 ton net genôch wêze sil.