Meunsterkuier foar tsjerke

© Omrop Fryslân
Hûndertfjirtich kilometer rinne foar in nij tsjerkegebou - net elkenien sil it der foar oer ha. Oebele de Haan is moandei lykwols út ein set mei in meunsterkuiertocht fan Ljouwert nei Amsterdam.
De Haan rint om jild yn te sammeljen foar in nije tsjerke foar frijmakke griffemearden yn Ljouwert. Hy ferwachtet fjirtich oeren oer de tocht te dwaan.