Ambisjeus projekt muzykskoalle

Muzykskoalle De Wâldsang fan Bûtenpost hat in ambisjeus projekt op priemmen set. De skoalle sil de ferneamde opera Carmen fan Georges Bizet útfiere.
Learlingen en dosinten sille de klassiker yn febrewaris op de planken bringe. Om de saak helber te meitsjen is de opera wol wat ynkoarte. In arsjitekt sil helpe mei de dekôrs. De opera kostet sa'n 15.000 gûne.