Mear omtinken foar jongdeminten

Jongdemintearjenden en harren húshâldings fertsjinje mear omtinken. Dat seit ûndersiker Gerritsen. Neffens statistiken moatte 200 Friezen tusken de 40 en 65 jier ferskynsels fan demintens fertoane.
Der binne lykwols mar 93 gefallen fan jongdeminten bekend. Dat betsjut dat sa'n 100 minsken yn Fryslân gjin of ferkearde soarch krije.