Sinteklaashannel rint geweldich

© Omrop Fryslân
Der wurdt dit jier foar noch mear jild Sinteklaasynkeapen dien as ferline jier. Dat is alteast de yndruk fan ferkeaplieder Bolt fan de boartersguodgruthannel Van der Meulen yn Snits.
Harry Potter artikels ferkeapje sa goed dat de gruthannel al hast troch de foarrie hinne is. Sneon, de lêste sneon foar pakjesjûn, binne nei alle gedachten noch in soad kadootsjes kocht.