D66 stelt fragen oan Nijpels

De Fryske steatefraksje fan D66 wol fan kommissaris Nijpels wite wêrom't er him net ferset hat tsjin de ferplichte swijplicht by de bestjoerskrisis yn Ljouwert.
Yn skriftlike fragen ferwiist de D66fraksje nei útspraken fan de Grinser heechlearaar Elzinga dat sa'n swijplicht tsjin de wet is. De demokraten wolle dat Nijpels iepen is oer de kwestje.