Kabel-tv by seedyk kin net út

Sawat 400 húshâldens yn Noardeast-Fryslân wurde definityf net oansletten op de kabel. It giet dan benammen om wenten by de seedyk. Per hûs kostet it 20.000 gûne en dat kin net út, seit direkteur Geelhoed fan Kabel Noord.
Alle rendabele bûtengebieten hawwe no kabel. De oaren moatte mar harren mar mei satellyt of antenne rêde.