Op skoalle leare Nee Sizze

Op nochris fjouwer Fryske skoallen sille bern leare hoe't se fan har ôfbite moatte. De Marietje Kessels-stichting jout dêr jild foar. Doel is minder mishanneling, pleagerij of seksuele yntimidaasje.
Spesjale begelieders sille lesjaan yn bygelyks selsferdigening. Der binne al soksoarte assertiviteitstrainings yn Snits, Drachten en Dantumadiel.